juni 5, 2025
fan Fernando Botero*
De kat moast ek op it portret
as bist mei skerpe klauwen
en famylje fan de rôvers,
frettend fan in oar syn fleis,
de kat is net fergees sa fet.
De foks is dea en boppe him,
waard yn sêft bûnt feroare
foar de presidintsfrou om te
aaien, lykas ek de kat,
lykas de foks is dy ek slim.
De presidint is slim en fet,
oars net as om te wurden
presidint, ek om te bliuwen
hiel syn koarte libben lang,
hy wit de tastân sels noch net.
Syn beide soannen ha ek macht
as generaal en hoeder
oer soldaten en oer leken,
minder slim, mar like fet,
slacht elk op heit syn slimmens acht.
It famke rint der ek net út
wat fettens oanbelanget,
beppe koe dy trend net keare,
likemin as foks en kat,
sy krijt as iennige in tút.
* Fernando Botero (1932-…)
Skilderij ‘De presidinsjele famylje’
juni 2, 2025
fan ûnbekend*
Pearl Harbor leit djip yn ’t ûnthâld
fersonken, byld fan oarlochsskippen
dy’t yn fjoer en flam fergean,
in helder byld as argetype,
opljochtsjend yn de hiele wrâld.
Sjedêr hoe’t fjoer en flam it byld
oproppe fan tal bommewerpers
op it fleanfjild, dy’t nea wer
de loft yngean, Pearl Harbor ljochtet
op, ’t argetype wurdt wer dield.
Pearl Harbor, Moermansk, Irkoetsj, djip
fersonken lizze oarlochsskippen,
bommewerpers yn ’t ûnthâld;
in wite do fljocht foar de frede,
as argetype hjoed in stip.
* Foto ‘Pearl Harbor’