februari 1, 2021
Juster liet de moanne witte
dat in skjinne loft bringt froast
by wyn dy’t nei it easten draait,
fan Ruslân ôf iiskâlde lucht,
wat oer de tastân dêr wat seit.
Alle beammen wyt berime
konstatearre ik dy moarns,
in opdruk yn it moanneljocht;
fan kâlde wyn doe noch gjin sucht…
de moanne hie ’t miskien betocht.
Tsjin de jûn begûn ’t te waaien,
iiskâld út it westen wei
mei hurde kneppels, klap op klap,
in blauwe hûd wie Ruslân sljucht,
fan rym nei wynkrêft gie te rap.
Sa’t de moanne ljocht en tsjuster
ken, sa is it mei de kjeld,
earst giet dy hinne, komt dan wer,
de earnst feroaret yn in klucht,
wat hjir moarns rimet, flokt jûns dêr.
januari 31, 2021
fan ûnbekend*
Kom allegearre nei ’t paleis,
dêr’t men de eagen útsjen kin
nei alle siden fan ’t kristal,
dat rûnom yn de winkel blinkt,
’t paleis leit oan de kop ta fol.
Wês wolkom yn de supermerk,
de alderearste fan de wrâld,
foar San Francisco in primeur,
sjoch hoe’t de winkel ’t keapfolk winkt,
fan alle siden glânzet fleur.
Dus keapje itenswaar, ek fleis
en sigaretten net te min,
jim medisinen sûnder tal,
noch folle mear as men earst tinkt,
’t ferskaat wurdt oanjûn troch kristal.
Foto ‘Cristal Palace yn San Francisco’