februari 5, 2021
fan Peter Paul Rubens*
Se wiene earm en al op jierren,
hiene altyd wenne yn de hut,
dêr’t elkenien foarbyrûn,
se seagen inkeld lju fan fierren.
De goaden woene wolris witte
hoe gastfrij it folk op ierde wie,
dus reizgen Zeus en Hermes
de wrâld oer om soks op te mjitten.
It wolkom koe gjin sprekken lije
foar de gasten yn gewoane klean,
de doarren bleauwen sletten,
foar har wie hap noch slok te krijen.
De hutsdoar kaam lykwols wol iepen,
Baukis en Philemon joegen wat
se ek mar misse koene,
de goaden bleauwen ek te sliepen.
In sûndfloed spielde oer de ierde,
alle wenten waarden wei,
de hut bleau boppe wetter,
die tsjinst as timpel troch de tiden.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Zeus en Hermes by
Philemon en Baukis’
februari 4, 2021
fan Albrecht Dürer*
Hjir lit ik jimme sjen
dat de eagen rjochte binne
op ’e fierte en nei binnen
tagelyk, sa’t ik no kin.
Doe moast ik as in bern
harkje, muorren om my hinne
hawwe ’t útsicht lang benommen,
no lit ik my dûbel sjen.
Nei bûten sjoch ik fier
om in yndruk op te heinen
fan de wrâld, want alle fromme
praatsjes lizze my te swier…
… yn ’t inerlik, dat rom
wêze moat foar wat fan bûten
komt, dus lit gjin yndruk rinne,
hâld him fêst, kear jim dan om…
… en sjoch my oan, ik lit
dúdlik sjen wat jim ek kinne.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Selsportret’