Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sulveren Houkesleat

Lyrysk Deiboek

Lit Harmen hjoed noch ride
mei Harmina as freondin,
it kin sels op ’e Houkesleat
en fierder nei it krusend wetter
fan ’t kanaal mei ’t iepen soal,
de farwei fan de sulverfloat
neidat it gouden tiidrek sleat.

In gouden tiid, in wike
ride, farre hat gjin sin,
want iis leit sels de hannel stil,
de liberale merk komt letter
wol… op redens is ’t paroal;
mei sloppe ankels, stive poat
sil ’t heve mei in sterke wil.

Lit Harmen hjoed mar lizze
sa’t er dêr al jierren leit
as âlde sleper út ’e feart,
de kapitein wit al net better,
want wat earst wie syn idoal,
it slepen fan de gouden float,
waard sulver yn de Houkesleat.

admin

Op ‘e Frjentsjerterfeart

Lyrysk Deiboek

It is noch fier nei Frjentsjer,
mar folle koarter binnentroch
as oer de stêden fan de tocht
dy’t útkomt op ’e Bonkefeart,
it is mar hoe’t men it besjocht.

Wa’t gek wie, gie nei Frjentsjer,
sa’nien giet foar simpel troch,
om’t hy de risiko’s net sjocht
fan wekken yn de wiffe feart…
doarp Tirns berikt men nei in bocht.

Wa’t giet, komt wol yn Frjentsjer,
want de grûn is hurd genôch
foar alle kluners fan de tocht,
dy hawwe fan it riden leard
en hâldfêst foar de redens socht.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum