februari 26, 2021
fan ûnbekend*
Athene wie de bertestêd
fan Phokion en fan Demosthenes,
de iene pleite foar de frede,
de oare fjurre oan ta striid,
ferlern gie ek de rede.
Athene bleau troch Phokion
behâlden út respekt foar syn persoan,
syn dwaan en litten wie ynteger,
it folk lykwols rûn oer fan niid,
ferslein wie ’t eigen leger.
De skuld kaam del op Phokion,
hy hie it mei syn fredestoan bedoarn
en moast de beker gif opdrinke;
syn moed waard eare wiid en siid…
om no noch te betinken.
* Búste ‘Demosthenes’
februari 25, 2021
fan Jheronimus Bosch*
Sjoch, bêste lju, wat ik hjir doch,
ik lit oan jim in dopke sjen;
wylst jimme achtslaan op ’e ûle
yn de koer, gean ik wol troch
mei wat ik sûnder dopke kin.
Sjoch, bêste lju, it is no fuort,
it foel net yn de ûlekoer,
ik ha it ek net yn de mûle,
want oars spuide ik raar guod
en wie myn demonstraasje oer.
Sjedêr, hjir ha ’k it dopke wer…
mynhear, jo bûge fier foaroer,
ik ha wol troch wat jo bedoele:
‘Gûcheljend is hy in stjer,
mar fan syn spul snap ik gjin moer!’
Sjoch, bêste lju, net achterom,
want oer de hollen fljocht gjin dop,
jim hoege ek net ta de ponge,
’k doch it inkeld foar de rom,
jild lit my kâld, no hâld ik op.
* Jheronimus Bosch (1450-1516)
Skilderij ‘De gûchelder’