Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Elk syn wierheid

Keunst

fan Giorgio de Chirico*

Hingjend tusken takomst en klassyk,
mei tichte mûle, lege eagen,
sûnder hannen foar ien want,
gjin foet om mei te skoppen…
wa ferwachtet noch replyk?

Hier genôch, net nedich is it brein,
it lege byld fertelt gjin leagen,
foar de ien de rjochterkant,
de reekplom giet nei boppen
foar de oar, dêr is ’t mei sein.

Wierheid boppe alle werklikheid,
lit elk syn wierheid mar fertelle
út it eachpunt fan de kop,
de mûle komt dan iepen
foar it liet dat alles seit.

* Giorgio de Chirico (1888-1978)
Skilderij ‘Leafdesliet’

admin

Pronksucht yn Sion

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Sa seit de Heare: ‘Ik ha sjoen
hoe grutsk de froulju binne:
se stappe yn Sion om
mei leidige eagen,
de noas yn de wyn
om oandacht te winnen.’

Sa seit de Heare: ‘Ik sil fan
de froulju alles nimme:
de ringen fan ankels en earen,
de hier- en de earmbân,
de heale moantsjes en walen,
fuotkettings en holledoek,
mulbân en rûkersfleskes,
noas- en fingerringen,
mantel en pronkklean,
taske en omslachdoek,
hânspegel, mûtskes en sjalen.’

Dit seit de Heare: ‘Rûkersguod
begjint al gau te stjonken,
in mulbân ferwurdt ta tou,
gjin hier op ’e holle,
de pronk wurdt ta sek,
in brânmerk op skonken.’

* Yllustraasje ‘Pronksucht’
 




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum