Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eksoatyske dream

Keunst

fan Paul Gauguin*

Sy wol yn ’t neaken wol posearje,
lit sy witte yn syn dream,
dy’t him werombringt nei de tropen,
lang syn ierdske paradys
mei withoefolle palmen,
mar sûnder noch dy iene beam.

Wa kin dy lytse beam negearje
as dy opsjit yn in dream,
gjin hâlden oan foar al dy palmen,
rûzjend dat hy is net wiis
om froulju yn te palmjen
dy’t each ha foar in slangebeam.

It skilderij kin net mislearje,
om’t de dream it him ynjoech
hoe’t hy de frucht kriich yn de tropen
fan de froulju, altyd priis!
Om’t sy hjir altyd talmje,
fynt hy syn heil faak yn de kroech.

* Paul Gauguin (1848-1903)
Skilderij ‘Eksoatyske Eva’

admin

Weromreis

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Wer stekt de Hear de hân op
om syn folk werom te bringen
út ’e fjouwer streken wei,
wat fan it folk noch oer is,
harket nei syn rop.

Fan Efraïm gjin oergeunst
mear, gjin fijânskip fan Juda,
want de fijân wennet west
en east fan wat noch oer is,
God is mei de rest.

De Heare sil de ynham
fan Egyptes seekust bringe
yn de ban en syn rivier
drûch lizze; wat noch oer is,
rint dêrtroch as stam.

Dyselde deis silst sizze:
‘Lit ús tankje no de Heare,
grutte dingen hat Hy dien
foar wat fan ’t folk noch oer is,
Hy hat nêst ús stien.’

Yllustraasje ‘Drûch oer’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum