april 17, 2021
fan William Blake*
Jesaja
Sjedêr hoe’t omkeard wurdt de wrâld:
de masters wurden slaven,
wylst de slaaf komt op ’e troan;
de Heare kiest foar Israel,
dat oan syn lijen komt in ein,
sjong no op hege toan
in spotliet op ’e foarst fan Babel.
De ierde brekt yn jubel út,
sels Libanons sypressen
hawwe wille om de dea
fan Babels kening, delslein leit
er op ’e grûn, syn lege ein
nei hege klim hat neat
mear te betsjutten… fuort mei Babel!
Do komst net yn in eigen grêf,
bist mei guon oaren smiten
op ’e stiennen yn de put;
do rekkest yn it deaderyk,
dêr komt oan ’t narjen nea in ein,
hat dyn bestean gjin nut,
útrûge wurdt it skaai fan Babel.
* William Blake (1757-1827)
Skilderij ‘Kening Nebukadnessar’
april 16, 2021
fan ûnbekend*
Poseidon, soan fan Kronos,
waard opfretten troch syn heit
en rêden troch broer Zeus,
wat alles oer de goaden seit:
as goede god en wrede reus.
God fan de see en ierde,
letter inkeld fan de see,
hy hie in trijetosk
as wapen, foar syn wraaksucht ree,
syn dwaan wie as in tizebosk.
Hy die it mei mear froulju,
kriich by har de frjemdste bern:
in fjochter mei de fûst,
in famke om net oan te sjen,
syn dwaan wie altyd like woest.
Hy sette oan ek hynders,
dêr’t er troch de loft mei ried
om oer de see te sjen,
de weagen songen dan it liet:
‘Wy bliuwe god Poseidons fan.’
* Byld ‘Poseidon’