Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oer de ein

Keunst

fan Oskar Kokoschka*

De Nazi’s ha my op ien ein,
de ein fan myn bestean yn kleur,
har tinken oer ekspresje
lit gjin romte foar wat oars,
sjoch hjir… ik bin noch net ferslein.

’k Bin troch barbaren op ien ein,
wat is te sjen oan myn gesicht,
de grime as ekspresje:
eachopslach en iepen noas…
dêrmei is noch net alles sein.

Foar my is dit noch net de ein,
ik fiel it as myn djoere plicht
te striden foar ekspresje
út ’e djipte fan de geast,
dy ha ik yn myn kleuren lein.

* Oskar Kokoschka (1886-1980)
Skilderij ‘Portret fan in ‘ûntaarde keunstner’’




admin

Liet fan soere druven

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Lit my myn freon besjonge,
dy’t in hege wyngerd hie
mei stokken op ’e bêste grûn,
omhakke sûnder strúk of stien,
mei toer en kûpe foar it parsen,
dat hy hie syn bêst wol dien.

Mar koe myn freon wol sjonge
oer de druven fan syn grûn?
Se smakken soer, net ien wie swiet.

Lit no myn freon mar sizze
wat er mei syn wyngerd docht:
‘Gjin stek bliuwt op ’e râne stean,
elk kin dêr samar yn en út
en hinne wâdzje oer de stokken,
muorrefêst stiet myn beslút!’

’t Wurdt tiid om no te sizzen
dat it folk dy wyngerd is:
bloedbestjoer is út op bút.

* Foto ‘Ferrinnewearre wyngerd’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum