Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Folk fan fierren

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Seis kear ferflokt is ’t folk
dat rjocht neamt wat is krom;
Gods grime lôget dêrom op
dat bergen derfan skodzje,
liken op ’e strjitte lizze.

Fan fierren komt it folk
rap nei it folk dat mis
west hat, it komt mei faasje op
syn sein, it sliept en slommet
net, it kin syn doel net misse.

Syn pylken binne op it skerpst,
de bôgen steane spand,
sandalen ha in fêste riem,
de hynstehoeven binne
hurd as fjoerstien, ’t kin net misse…

… dat eagen kuere op it skerpst
nei bút, fan kant nei kant
en rjocht nei foaren oant de kym;
nei ’t delgean fan de sinne
falt de nacht om del te lizzen.

Yllustraasje ‘Striidweinen’

admin

Polyxena

Mytebylden

fan Paul Quinsac*

As dochter fan de foarst fan Troje
kaam Achilles har op ’t sear,
de Grykske held dy’t gjin begrutsjen
hie mei wa’t Trojaan, de fijân, wie,
úteinlik soe hy it net roaie.

Foar Polyxena’s eagen deade
hy har broer, tsjin Trojes ear,
en waard dêrnei op har fereale,
wat de Griken seagen as ferrie,
’t wie as de striid foar harren kearde.

Want Troje rekke net fereale,
wie rap mei Achilles klear,
hie mei de Griken gjin begrutsjen,
mar ’t hynder joech de bêste rie:
‘Al bin ’k fan hout, de stêd yn, deale!’

Achilles’ skym rôp op de Griken:
‘Offerje har op myn grêf,
dan is sy by my yn de Hades
en kom ik ta de leafdesdie!’
De dea koe sy doe net ûntwike.

* Paul Quinsac (1858- 1929)
Skilderij ‘De dea fan Polyxena’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum