maart 29, 2021
De nacht friet op in oere
en spuide dy út nei de dei
om justjes langer te genietsjen
fan it ljocht as yn de jûn
de dowen ‘lekker sliepe’ koere.
Mar moarns by it lemieren,
wannear’t de sliep min ôfskie nimt
mei mannich lûs noch yn de eagen,
is der langstme nei de jûn
om mei de dowen feest te fieren.
Men sjocht it ljocht net brekken
troch de walen fan de iere moarn
om fan it skouspul te genietsjen,
troch de simmertiid ek jûn
om heech de loftrompet te stekken.
maart 28, 2021
fan ûnbekend*
De heuvel dêr’t de simmer
trochrûn troch it hiele jier
foar bern om grut te wurden
sûnder twang fan wurd en stok…
se kamen withoefier.
De lytse Alexander
koe net oer de stok en ’t wurd,
oantaasting fan it wêzen
fan it bern yn broek of rok…
sa kaam it yn de put.
Hy waard ûntspannen master,
freonlik pratend mei de bern,
syn wurd brocht dissipline
sûnder twang, fuort mei de stok!
Sa gie gjin bern ferlern.
Fan him kriich ’t bern de frijheid
om te learen nei syn aard,
mei master koe it lêze
en ek skriuwe, wat in lok…
de master as syn maat!
* Foto ‘Alexander Sutherland Neill’