april 2, 2021
fan Arent de Gelder*
Pomona wie in moaie nimf,
goadinne fan de fruchten,
dy’t sy rûnom groeie liet,
sy hie gjin each foar wat dan ek,
har eigen smakken swiet.
Vertumnus gie ek troch foar god
fan wat oan beammen groeide,
hy hie in eachje op ien frucht
dy’t nimf wie en Pomona hiet,
sy hie gjin each foar wa dan ek,
al song er syn swiet liet.
Vertumnus transformearre him:
hy waard in âlde frijster,
joech heech op fan wa’t er wie,
in kreaze jongeman, ek god,
doe wist Pomona rie:
Sy plôke fluch dy iene frucht,
waard fan Vertumnus frijster,
dy’t foar har mear wie as lucht.
* Arent de Gelder (1645-1725)
Skilderij ‘Vertumnus en Pomona’
april 1, 2021
fan Juan Gris*
Sjoch no wat ik hjir doch
mei tafel, boek en krante,
se steane skean of foar in part,
sa’t ik it foar mysels besjoch,
men kin it skôgje fan mear kanten.
Sjoch do it fan dyn kant,
dan kinst der mear fan meitsje
as ik der hjir fan makke ha;
dyn fantasy moatst brûke, want
dan silst it hert fan minsken reitsje.
Doch do wat yn de skaal,
yn ’t glês kinst ek wat jitte,
dyn eigen foarkar foar myn part,
dan skriuwst yn ’t boek in blau ferhaal
en wolst wat út ’e krante witte…
… jou sels oan wat noch wearde hat.
* Juan Gris (1887-1927)
Skilderij ‘Fruitskaal, boek en krante’