april 4, 2021
fan ûnbekend*
Franz Kafka koe de ein net helje
fan syn ideaal: hjir bin ik ek
mei myn gefoelens yn de maatskippij
dy’t ûnpersoanlik is mei party regels…
sa wurdt men fersliten foar in gek.
Lit my jim dêrom mar ferhelje
fan in merje yn de neare nacht,
dy’t fjouweret oer myn benaud bestean,
beplakt mei allerhande swarte segels…
sa wurdt men in middel fan de macht.
Ik moat mei sûnens no betelje,
want sykhelje kin ik amper mear
troch alle regels fan de maatskippij,
persoanlik binne alle ûnheils-rigels…
kafkaësk, it kaam my op it sear.
* Foto ‘Franz Kafka’
april 3, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Foarst Achaz woe de Hear net fergje
op in teken, leech of heech,
profeet Jesaja liet doe witte
dat de Hear syn nocht ek krije koe
fan lit it no mar sitte.
Doe spriek Jesaja oer it teken
fan in frou oan wa’t men seach
dat sy al gau in bern ferwachte,
dat de namme kriich: Immanuël,
dy’t him net heger achte.
Jesaja spriek dêrnei yn bylden:
miggen, bijen, stikelbosk…
soldaten dy’t it lân fernielden,
dat it boulân waard in wyldernis,
wat lykas wûnen fielde.
* Foto ‘Wyldernis’