Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kop yn de fearren

Lyrysk Deiboek

Se binne wyt, domestisearre,
fiele har by minsken thús,
ha gjin ferlet om heech te fleanen,
jouwe har by sljochtwei hinne del,
wat bliken docht út sloppe fearren.

Der is gjin sân om yn te stekken
’t slûge kopke as de strús,
de fûgel fan it koarte fleanen
mei de ynstek by gefaar gjin tel
oan tinke, wat kin ’t him ferrekke!

Klimaatferoaring, lit mar sitte,
jou dy del by tante Truus,
de útstjit moat mar rêstich fleane,
bliuw  dus op ’e grûn mei ’t hiele stel
om neat te dwaan en neat te litten.

Dus stek de kop mar yn de fearren,
foar it firus joust net thús,
dat kin om dy de loft yn fleane,
’t komt dêrnei op oare plakken del,
do litst dyn wyt sa net bedjerre.

admin

John Scopes syn sicht

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It wie de fraach, wa hat gelyk:
Charles Darwin of de Skepper
fan it universum mei
fan alles, dea of libben;
it wie de tiid fan gjin ferlyk,
’t ferskil wie nacht en dei.

John Scopes hie al in rommer sicht
op alles: út matearje
kaam it hiele libben fuort;
gjin sprake fan de skepping,
dêrtroch sloech it witten ticht,
it gie om kostber guod:
de frijheid om goed ûnderwiis
oan bern, de evolúsje-
lear woe Scopes yn skoalle ha
om frij te ûnderwizen;
foar de kristen wie ’t in griis
dat Darwin sloech sa ta.

John Scopes moast komme foar ’t gerjocht:
de Skepper, net Charles Darwin
hie gelyk, dat moast men bern
op skoalle witte litte;
hoe’t de learaar dêroer tocht…
gjin sprake fan ‘it kin’.

Foto ‘John T. Scopes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum