april 8, 2021
fan Vincent van Gogh*
Vincent Willem…
noch mar krekt de eagen iepen,
omke sizze kin er net,
ik sis syn namme kear op kear
en sprek mysels dêrmei ek oan,
in ienheid en in pear.
Vincent Willem…
wylst it jonkje leit te sliepen,
pak ik ferve en palet
en meitsje my mentaal ek klear,
hy krijt fan my in blommekroan
as ienheid, mar ek mear.
Vincent Willem…
omke brekt de blommen iepen,
want oars is it faaks te let
of te betiid, ik wit net mear
fan tiid en plak, fan hjoed en moarn…
dit skilderij is klear…
… foar dy fan my,
omke hat him net fersliepen.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Tûken fan in bloeiende amandelbeam’
april 7, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Ik sis jim: ‘Freegje net de geasten
fan ferstoarnen om in útspraak,
wiersizzers bringe ek gjin ljocht
yn jim swalkjen en benearing
troch honger, ’t fjild leit braak.’
Ik sis jim: ‘’t Folk dat yn it tsjuster
gean moast, sjocht in felle ljochtstriel,
it fjild dat braak lei yn de nacht
is mei ’t folle ljocht oerglânze,
elk nimt oan de freugde diel.
Want in bern is foar ús berne,
in soan is oan ús jûn
en de hearskippij leit op syn skouder.
Syn namme is:
Wûnderlike Riedsman,
sterke God,
Heit oer alle tiden,
Fredefoarst.
Machtich is syn hearskippij
en sûnder ein de frede
oer Davids troan en oer syn ryk,
troch rjocht en ek rjochtfeardichheid
leit hy dêrfan de grûnslach,
fan no ôf oant yn ivichheid.’
* Yllustraasje ‘Ljochtstriel’