mei 7, 2021
fan Peter Paul Rubens*
It ynsicht kriich hy al yn ’t foar,
hy wist sa wat der barre soe,
syn krêft lei yn it witten
fan wat wichtich wie, net mei geweld
de oaren stikke litte.
In bûnsmaat wied er fan god Zeus,
dy’t hearske oer it goadedom
en focht tsjin de Titanen,
letter naam er ôfstân fan ’t geweld,
seach hoe’t de minsken kamen…
… mei offerdieren nei god Zeus,
dy’t neat fan ’t minskdom hawwe moast
en delseach op ’e ierde,
mar Prometheus waard harren held
fanwege goede dieden.
Zeus wie jaloersk en waard poerlilk,
hy bûn Prometheus rotsfêst,
doe koe in earn him pikke;
Herakles hat alle kearen teld,
liet him as maat net stikke.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Prometheus yn de boeien’
mei 6, 2021
fan William Turner**
Farwol, kollega en myn freon,
de bist de wide see op fearn
as keunstner, dyn bestimming
lei noch fierder as de kym,
do hast de frijheid preaun.
Ik rôp dy ek noch achternei:
‘Oant sjen, ik wachtsje op dyn keunst
dyst makkest yn de stimming
fan tefreden bin ik mei
de skym dy’t wiist de wei.’
Farwol, kollega en myn freon,
ik sjoch dy net op ’t dek mear stean,
do glydst nei dyn bestimming:
’t seemansgrêf; myn liet op rym
is nei it skip ta dreaun:
The midnight torch gleamed o’er steamer’s side
and Merit ’s corse was yielded to the tide.
* Seemansgrêf fan Sir David Wilkie
** William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Frede – begraffenis op see’