Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hoopblêd

Lyrysk Deiboek

Hynders litte spoaren achter
lykas nachtfroast op ’e grûn,
sels yn de maitiid yn de stêd,
dêr’t hynders selden komme,
mar sjoch it grutte hoefblêd.

Rym of ryp, dat wite rimet
net mei wat foar blommen sûn
is en wat men ferwachtsje mei:
de maitiid dy’t al kommen
is, mar noch net op moandei.

Lit de eagen heger glide,
want it is net op ’e grûn
te finen wat de maitiid rêdt:
is ’t ûnder wyt ferklomme,
it grien sprekt fan it hoopblêd.

admin

Stalin en Trotski

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hoe kinne maten troch it ideaal
fan wurkers ha as earste rjocht
om yn ’t bestean foarop te gean,
hoe kinne dy elkoar nei ’t libben stean?

Nim Stalin dy’t maat Trotski syn ferhaal
net hearre woe, yn strieljend ljocht
seach hy him boppe alles stean,
de eigen ideology as kearn.

Syn ideology spriek kleare taal:
ferbalje maten, want it mocht
net dat ien him nei ’t libben stie,
in kwestje fan rûnom is heechferrie.

Nim Trotsky mei syn ideology
dy’t fierder rikte as de grins
fan Ruslân: ynternasjonaal
ha hurde wurkers ‘tselde ideaal.

Mar Stalin tsjutte soks as heechferrie,
wa’t ôfwiek, wie gjin suver mins,
brocht hurde wurkers fan de wiis…
de deaklap mei de bile foar it iis.

* Foto ‘Joseph Stalin’
** Foto ‘Leon Trotski’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum