Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Proitos en Akrisios

Mytebylden

fan ûnbekend*

Al yn de búk fan harren mem
befochten sy elkoar:
de twaling sloech der samar op,
de iene koe net oer de oar.

Earst giene beide út elkoar,
om’t Proitos ferlear
de striid om kenings troan en kroan,
hy wûn in frou, mar easke mear.

Hy kriich in part fan heit syn ryk,
ferlear lykwols syn frou
ek foar in part, ’t wie oan in gast,
dy kaam ûnskuldich yn it nau.

Wer libbe op de bruorrestriid,
mei Proitos wie ’t dien;
doe’t hy de twadde kear ferlear,
feroare hy yn hurde stien.

* Postsegel ‘Proitos’


admin

Piktura

Keunst

fan Frans van Mieris*

Hjir stean ik, frou Piktura,
ik gean troch foar pikturaal
en stean foar hiel de skilderkeunst,
fertel yn kleuren myn ferhaal.

Ekspresje wol ik suver ha,
wat al sprekt út myn gesicht
en losse toefen hingjend hier,
ik til oan myn palet net licht.

Sân kleuren stean foar alle
tinten op ’e hiele wrâld,
harmoanysk minge is in keunst:
fan kâld nei waarm, fan waarm nei kâld.

Lit Herkules yn ’t neaken
rinne, fan de striid wurdt hy
wol waarm, de skilder is yn ’t spier
foar elke spier, antyk wurdt nij.

Ik doch it glêde masker
foar en bin net wa’t ik bin,
sa is ’t ek mei de skilderkeunst:
troch foarm en kleur krekt echt… nei ’t sin.

* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘De Skilderkeunst (Piktura)’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum