mei 27, 2021
Earst wie myn plak tichtby de sleat,
soms mei de poaten yn it wetter
om te stoarjen nei dêrûnder,
foar de mage fisk of kikkert,
mar myn kânsen binne keard.
No stean ik by de Houkesleat,
wat my foldocht de helte better,
om’t myn stân leit fier dêrboppe,
boppe wetter en de rikkers
dy’t ambysje ha foar neat…
… oars as de leechte fan it gea
om dêr in kikkert op te fretten,
fisken helje se net boppe
wetter, want dat docht de fisker
yn de stêd, net foar syn brea…
… mar foar de reager fan de stêd,
foar my dus, ik wurd net fergetten
as de freon mei fearren, ûnder
fiskers gean ik troch foar bikker…
op dit plak wurd ik wol sêd.
mei 26, 2021
fan Pieter Bruegel de Alde*
Jesaja
Blyn is myn folk
foar wêr’t it My om giet,
it hat gjin each
foar myn profeten,
sy binne My ta tolk.
Myn folk is blyn
foar wurden yn myn boek,
it harket net
nei ’t wurd fan sjoggers,
it giet dêr net op yn.
Myn folk hat wol
de mûle oer My fol,
mar is mei ’t hert
by oare dingen,
dy easkje harren tol.
Folk mei in plan
dat yn it tsjuster bart,
mist grif it each
foar de ferhâldings,
hat dêr gjin tsjûge fan.
* Pieter Bruegel de Alde (1525/1530-1569)
Skilderij ‘De parabel fan de blinen’