mei 1, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Iksels siet yn benearing
oer it lot dat ek my treffe koe,
lykas de hiele ierde,
dat ik sei: ‘It is mei my no dien,
wat ha ik as profeet dan noch te bieden?
In klopjacht, klam en kûle
wachtsje ierdbewenners, it komt sa:
sy falle yn de kûle
nei de klopjacht, komme sy derút,
dan klapt de klam ticht, wat is om te gûlen.
As slûzen boppe iepen
komme en it ierdske fûnemint
begjint op slach te skodzjen,
spjalt de ierde, skokt wyld op en del,
har fal is djip, der is neat om te gripen.
Yllustraasje ‘Fal fan de ierde’
april 30, 2021
fan Peter Paul Rubens*
Procne en Philomela,
dy susters bleauwen elkoar trou,
sy flechten foar Tereus
as sweltsje en as gealtsje,
want sy kamen yn it nau.
Procne, troud mei held Tereus,
sy krigen Itys as de soan
dy’t foar syn heit ta miel waard,
wat hy net yn de gaten
hie, foar him wie it bedoarn.
Mem en tante namen wraak,
om’t hy Philomela tenei
kaam, sa waard Itys iten;
om’t sy Tereus haten,
naam de dea it soantsje wei.
Procne en Philomela,
dy susters giene op ’e flecht
as sweltsje en as gealtsje;
dy fûgels koene sjonge…
wat klonk falsk en wat wie echt?
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Tereus wurdt konfrontearre
mei de holle fan soan Itys’