mei 10, 2021
Wat is geweld en wat behearsking
fan it tal dat nei de hichte rint
of hearsket yn de man de jachtlust
sterker as it lykwicht dat net wint?
Se ha de opdracht om te hearskjen,
is ’t net oer de frou, dan oer it dier,
hear wêze is har lust en libben,
’t lykwicht is der inkeld foar de sier…
… of is it mear in kombinaasje
fan de jachtlust en in hompe fleis
yn lykwicht mei de populaasje
guozzen, alle dagen ûnderweis.
It is de fraach oer de ferhâlding
tusken ’t minskdom en de dierewrâld,
foar bisten de emansipaasje
of de macht dy’t net fan dieren hâldt?
Sjedêr, ’t geweld stiet ek op strjitte
as in teken; ’t leit dus foar de hân
dat minsken ûnderling ek klappen
telle, dêroer struie se dan sân.
mei 9, 2021
fan ûnbekend*
Net gek, mar wol ferrek
om heit syn part, hy woe
har net as eigen dochter sjen,
wat Wilhelmina motivearre
om te kiezen foar de brek.
Sy briek mei it ferskil
yn macht, dat ek de frou
lykas de man te kiezen hie
foar wat by ’t eigen libben hearde:
mei ferstân, gefoel en wil.
Ferstân fan polityk,
de frede foar ’t gefoel
dat elkenien de do ferstiet
dy’t koert: it jildt foar hiel de ierde
dat it wurdt ien fredesryk.
De wil giet oen ’t gefjocht
tsjin manlju dy’t de macht
net diele wolle, nei ferrin
fan tiid sil Dolle Mina ’t winne,
wat net gek is… neffens rjocht.
* Foto ‘Wilhelmina Drucker’