mei 14, 2021
fan Stanislav Wyspianski*
Protesilaos, Grykske held,
teach op nei Troje foar de striid,
mar waard troch Hektor rekke,
rekke dêrtroch út ’e tiid.
Laodameia waard ferteld:
‘Dyn trouwe man komt net werom,
hy is as held omkommen
yn de striid, foar him de rom.’
De frou stie troch dit nijs fersteld,
de slach wie ek foar har ferlern…
koe hy noch by har komme
om noch ien kear him te sjen?
God Hermes hat net fierder teld
as mar ien dei foar har en him
tegearre, beide rekken
oandien, sjongend klonk syn stim.
* Stanislav Wyspianski (1869-1907)
Yllustraasje ‘Protesilaos en Laodameia’
mei 13, 2021
fan Jan Miense Molenaer*
Lit rinkelje de tamboeryn
en huf mei stokken op ’e tromme,
earen kinne ’t net ûntgean,
se jouwe ’t oan de skonken troch,
lit elkenien hjirhinne komme.
Dus minsken, set de stap deryn,
de slaggen jouwe oan de mjitte,
’t spul mei jimme net ûntgean,
want sjoch, jim ha it no wol troch
hoe’t wy it krûkje dûnsje litte.
Hy fret genôch, syn búk as krûk
sit fol, hy hat him noch nea skamme
foar syn kop, de kreaze klean
gean foar ’t normale libben troch…
hy is te lyts foar moaie fammen.
Dus minsken, sjoch jim eagen út,
hear nei de tamboeryn en tromme,
bliuw dêr net as stokken stean,
mar dûnsje mei, it kin no noch,
it krûkje mei jim net ûntkomme.
* Jan Miense Molenaer (1610-1668)
Skilderij ‘Jonge muzikanten en dûnsjende dwerch’