mei 20, 2021
fan Rembrandt
Syn hier om krún en kin
hie al de glâns fan sulver,
wat wiisde op ’e âlde dei,
sa ek de tearen yn ’t gesicht,
gravearre troch de jierren hinne.
Hy fûn yn ’t wurk de sin:
it libben mei it sulver
dêr’t hy syn hert yn lei;
beskôge ’t boppedat as plicht
om dêr sekuer yn te gravearjen.
Mar yn de skimer kin
gjin sulversmid it rêde
om te gravearjen as by dei;
syn eagen binne suver ticht,
as moast er opsjen yn de sinne.
Syn geast kin noch wol sjen
it glânzjen fan it sulver,
it jout him sa in knypeach mei.
* Rembrandt (1606-1669)
Ets ‘Portret fan Jan Lutma’
mei 19, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Mei in fûle eastewyn
is Israel ferjage,
dêrmei wurdt de skuld útsoend
en hat it foar it folk wer dage.
Alterstiennen stoarte yn,
de wijpeal kin ’t ferjitte
om oerein te bliuwen, sjoch…
de stêd wurdt iensum achterlitten.
As in wyldernis, sa wurdt
it wenstee, dêr’t no keallen
weidzje, twychjes reitsje keal,
de frou hat toarre tûken helle…
… om te stekken yn de brân
sa’t brâne lit de Heare
stêden fan in heidensk folk,
dit lot sil Israel net deare.
Lit de rammehoarn yn ’t lân
foargoed it heil wer klinke:
‘Kom werom, myn eigen folk,
en lit Jeruzalem wer blinke.’
* Foto ‘Rammehoarn’