mei 28, 2021
fan Jean-Léon Gérôme*
Pygmalion, fan Syprus kening,
houde bylden fan ivoar,
kreëarre sa syn eigen folk,
it joech allinnich gjin gehoar.
Pygmalion seach net nei froulju
dy’t net wiene kreas fan foarm,
dus houde hy in sniewyt byld,
dy frou foldie wol oan syn noarm.
De kening waard op har fereale,
mar dy frou wie inkeld skyn,
hy hat it bêd net mei har dield,
sy wie te hurd foar ‘kom deryn’.
Pygmalion seach Aphrodite
as goadinne fan it hert,
dat klopje koe ek yn syn byld,
sy hat it yn beweging set.
Pygmalion en Galateia
libben dêrnei foar elkoar,
soan Paphos kriich fan ’t eigen folk
jûchhei, muzyk foar syn gehoar.
* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Pygmalion en Galateia’
mei 27, 2021
Earst wie myn plak tichtby de sleat,
soms mei de poaten yn it wetter
om te stoarjen nei dêrûnder,
foar de mage fisk of kikkert,
mar myn kânsen binne keard.
No stean ik by de Houkesleat,
wat my foldocht de helte better,
om’t myn stân leit fier dêrboppe,
boppe wetter en de rikkers
dy’t ambysje ha foar neat…
… oars as de leechte fan it gea
om dêr in kikkert op te fretten,
fisken helje se net boppe
wetter, want dat docht de fisker
yn de stêd, net foar syn brea…
… mar foar de reager fan de stêd,
foar my dus, ik wurd net fergetten
as de freon mei fearren, ûnder
fiskers gean ik troch foar bikker…
op dit plak wurd ik wol sêd.