juni 3, 2021
fan Diego Rivera*
Kom op, lit ús beskaving bringe
oan de yndianen yn dit lân
mei ôfgodstimpels fol mei goud,
it evangeelje komt der dan op ta,
’t is oan de pryster tafertroud,
oan ús de wapens, tanke Leave Hear!
Kom op, oan ’t wurk, jim luie slaven,
pak de skeppe, graaf jim eigen grêf,
jim ha fergees jim timpels boud,
it evangeelje komt no op jim ta,
’t is oan de pryster tafertroud
om jim fertroud te meitsjen mei ús Hear.
Mar nee, sjedêr, ’t is net te leauwen
wat de pryster mei syn krúske docht,
hy hâldt it ús foar, ja ferdomd,
as wiene wy oan penitinsje ta,
sjoch hoe’t syn hân op ’t skouder komt
fan ’t slavebern, tsjin ’t boadskip fan ús Hear.
* Diego Rivera (1886-1957)
Skilderij ‘De Spaanske ferovering fan Meksiko’
juni 2, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Wol harkje nei de godsspraak:
‘Juda fljocht mar nei Egypte ta
om help te freegjen fan de farao
tsjin wa’t út Babel komme kin…
net freegje nei myn rie, dan is it ho!
Fan Juda nei Egypte
ta gean bisten troch de wyldernis,
dêr’t liuw, liuwinne, njirre en de draak
ta driging binne, it liket min,
se ha in swiere taak foar Juda’s saak.
De skatten lizze op ’e
ezelsrêgen, foar de farao
de rykdom om it godsfolk by te stean,
mar ’t suderfolk kin ’t likemin
en sil net foar de saak fan Juda gean.’
Foto ‘Ezel mei swiere lêst’