Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hert op it krús

Lyrysk Deiboek

Doe lei de wrâld foar dy yn  ’t tsjuster,
seachst gjin takomst foar dyn blêd
fanwege ’t wite krús,
dat foar dy de ein betsjutte,
mar dat wie earjuster.

Hjoed sjochst de takomst foar dy ljochtsjen
troch in minske yn de stêd
mei hert foar de natuer,
krijst troch har dyn krún fergrutte,
kinst dyn stam wer rjochtsje.

admin

Wettertichte Rolex

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Gjin better stof as wetter,
stof dat oeral hinne floeit,
sels troch de nauste naden,
mar dat is der fier by troch
wannear’t de tiid de swimster boeit.

Gjinien koe as Mercedes
Gleitze swimme, oer ’t Kanaal
swom sy har út ’e naden
mei in Rolex om de pols,
dy’t tikjend trochrûn, haal nei haal.

In dûbele oerwinning,
swimmend en ek wetterticht,
in klokje sûnder naden
reizge mei Mercedes troch
de tiid… in autentyk gesicht.

* Yllustraasje ‘Mercedes Gleitze mei Rolex’
* Yllustraasje ‘Wettertichte Rolex’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum