juni 6, 2021
fan ûnbekend*
fan Walter Gropius**
Gjin sprake noch fan âlde tiden,
inkeld foarmen foar de sier,
it gie net mear fan heit op soan,
de romantyk wie bombardearre,
dat de kroan foel fan de troan.
Lit Walter Gropius mar bouwe
foar in nije wrâld yn ’t spier
mei strakke foarmen, oeral ljocht,
de keunst waard sûnder mear wurdearre,
dat it folk kaam ta syn rjocht.
It Bauhaus soarge foar de romte,
luchtich, sinnich, sûnder sier,
sadat it libben ljochter waard
en licht om maklik op te fearjen:
optimisme nei syn aard.
* Foto ‘Walter Gropius’
** Walter Gropius (1883-1969)
It Bauhaus yn Dessau
juni 5, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
As wjerljocht is it fjoer fan God,
as tonger klinkt syn stim,
want sa sprekt Hy de fijân oan,
’t is foar Assyrië in slach,
dit lân hat it by Him bedoarn.
De steapel lôget fan de brân,
fertard wurdt sa de foarst,
dy’t earder sloech mei wrede hân;
de azem fan de Hear is sterk
en boazet fûl de flammen oan.
Jeruzalem fiert dêrom feest,
lykas yn earder tiid,
de stêd is troch de Hear befrijd
en stapt op ’t lûd fan de skalmei
de berch op, dêr’t gjinien mear lijt.
* Foto ‘Berch Moria’