juni 10, 2021
fan Edward Hicks*
Wy binne by jim kommen
om yn frede troch te gean
as Quackers yn dit frije lân,
wy stribje nei in freedsum ryk,
genede is ús deistich lean.
Wy ha hjir altyd wenne,
stribje nei in goed bestean
as yndianen yn dit lân,
wy fiele ús natuerlik ryk,
ha gjin ferlet fan lean en klean.
De dieren binne kommen
sa’t de Hear it hawwe wol:
gjin liuw of tiger fret it laam,
der hearsket frede yn dit ryk,
genede makket magen fol.
Gjin dier hoecht hjir te wennen,
bisten ha har eigen aard,
sawol de tiger, liuw as ’t laam,
gjin dier is oan de oar gelyk,
elk hat op eigen wize baat.
* Edward Hicks (1780-1849)
Skilderij ‘It freedsume keninkryk’
juni 9, 2021
fan ûnbekend*
Pas op jim reizgers nei Egypte
ta om help te sykjen foar dit folk
dat rekke is fan ’t goede paad
dat God de Heare wiisde,
’t fynt oer de grins gjin baat.
Jim ha it each op oarlochsweinen,
sjogge út nei striidber hynstefolk,
de ruters dy’t it yn har ha
om foar dit folk te fjochtsjen,
mar ’t giet dêr net op ta.
Egyptners binne ek mar minsken
sûnder dat se ha de macht fan God,
in hynder is fan fleis en bloed,
gjin geast kin him oanfjurje,
dit folk bliuwt sa yn noed.
* Foto ‘Egypte’