Willem Tjerkstra’s thússide
admin

As liuw en fûgel

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

As in liuw, sa is de Hear,
hy grommet oer syn bút
en wurdt net bang wannear’t frjemd folk
tsjin him optromme wurdt,
hy feroaret net om har gebear,
berch Sion sjocht nei syn befrijing út.

As in fûgel is de Hear,
hy wjukket boppe ’t nêst
mei jongen, sa hâldt Hy syn skyld
heech foar Jeruzalem,
rêdt de stêd, bringt yn it lot in kear
fan Sions berch, by Him stiet it foarfêst.

* Foto ‘Liuw’

admin

Pyrrusoerwinnings

Mytebylden

fan Nicolas Poussin*

As lytse poppe, op ’e flecht,
waard Pyrrhos brocht oer de rivier
nei kening Glaukias, dy’t him opbrocht,
syn aspiraasjes rikten fier.

As kening foel hy altyd oan
en harke net nei wize rie
fan Kineas, dy’t him de frede brocht,
syn aspiraasjes rikten fier.

Hy brocht sels oaljefanten yn
de striid, wat nimmen earder die,
wat de Romeinen yn benearing brocht,
syn aspiraasjes rikten fier.

De sege wie meastal foar him,
mar mei ferlies fan wat er hie
oan krêft, wol wûn er, mar net wat er tocht:
in ryk fier oer de grinsrivier.

* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘De jonge Pyrrhos wurdt rêden’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum