Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gewurde litte

Lyrysk Deiboek

Yn streken bringt de boer syn risping
neffens wat syn aard him seit
oer de groei yn de natoer,
dus lit er hege spoaren achter,
dêrfoar is er boer.

Hy lit de greide net gewurde,
soks giet yn tsjin syn natoer,
dy’t him oandriuwt nei it fee,
dat winterdeis op fretten wachtet,
dêrfoar is er ree.

Mar sjoch, dochs moat er wol gewurde
litte greidefûgels yn de groei
dy’t it nêst ferlitten ha,
in kwestje fan it libben achtsje,
dêr moat elk op ta.

admin

Rudolf Valentino

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

De namme klinkt lykas muzyk,
dêr’t men mei nocht op dûnsje kin:
Rudolf Valentino
fantasearre al as bern,
hy woe op skoalle net omlyk.

Hy reizge nei Amearika,
it lân fan stadichoan omheech:
boardewasker, túnman,
dûnser, ’t like as er fleach
as fûgel nei it heechste ta.

It folk rûn mei de filmstjer wei,
al joech er op it doek gjin lûd,
Rudolf Valentino’s
byld spriek oan en jage ’t bloed
op, wat oer him it measte sei.

Net alles is dêrmei al sein,
want bûtensletten wie de dea:
Rudolf Valentino
hie in krupsje yn de lea,
al jong kaam hy sa oan syn ein.

* Foto ‘Rudolf Valentino’
** Foto ‘Rudolf Valentino as filmstjer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum