juli 8, 2021
fan Jacob Backer*
Hy wie noch jong, hie krollich hier
en brune eagen dy’t fier seagen,
lippen meastal faninoar
foar praatsjes rûnom hinne,
ek om yn te nimmen drank of bier.
In folle flesse gie deryn
yn lege oeren, ’t wie gjin leagen;
meastal kriich er ’t foar elkoar
om noch rjochtop te rinnen,
mar ferrek, der siet gjin drip mear yn.
Doe’t hy al âld wie, mei ’t hier griis
en eagen dy’t hast neat mear seagen,
mei de lippen opinoar,
wat soe er oars noch kinne
as himsels te sjen, tichtby… en wiis?
* Jacob Backer (1608/1609-1651)
Skilderij ‘De drinker’
Skilderij ‘Alde man mei spegeldiggel’
juli 7, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
God sprekt fan treast en moed
foar ’t folk en foar Jeruzalem,
de slavetsjinst as straf is oer,
tsjinst oan de Hear ferbrekt de noed.
Der ropt in stim fan fier
foar ’t folk en foar Jeruzalem:
‘Lis oan in wei troch de woestyn,
kom yn de steppe ek yn ’t spier:
in rom en rjocht paad foar
ús God en meitsje delten heech
en leech de hichte en de berch!’
De Hear lit sjen: ‘t is foarinoar.
Foto ‘Wei troch de woestyn’