juli 16, 2021
fan Lawrence Alma Tadema*
fan Jacques-Louis David**
Lit Sappho mar har wurden jaan,
sy dichtet lyrysk, mei gefoel
oer dat de jeugd fergonklik is,
dus soe sy ek har slach noch slaan.
Har freonskip mei Alkaios wie
’t gefolch fan dat hy mei gefoel
gedichten skreau en foar har song,
net dat de leafde har wat die.
Lit Sappho mar de leafde jaan
oan fammen yn it ynternaat,
dy kamen har op it gefoel,
nei ’t dichtsjen woe sy it ek dwaan.
Mar fammen groeie út ta frou
en skinke leafde oan de man
en bern, dy’t streamt út it gefoel
fan ‘ik bliuw myn wêzen trou’.
Lit Sappho dan har leafde jaan
oan Phaon, goadefreon, dus kreas,
mar syn gefoel wie net foar har,
de sprong yn see soe har ferslaan.
* Lawrence Alma Tadema (1836-1912)
Skilderij ‘Sappho en Alkaios’
* Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘Sappho en Phaon’
juli 15, 2021
fan Roelant Savery*
De Grykske dichter Aesopus
hat mei syn wurden skildere
in hart mei hege hoarnen
tusken lege hoarnen fan de kij…
syn fabel wie de boarne
foar skilder Roelant, dus…
… stie ’t hart deawurch mei bûnzjend hert
te hymjen nei syn wylde flecht
foar jagers dy’t him sjitte
woene, mar se koene der net by,
dus lieten sy it sitte…
it wie har jachtdei net.
De eigner fan de keppel kij
hie each foar hoarnen, leech of heech
en hat it hart doe sketten
foar de slacht; sa wist allinnich hy
dat kij gjin poat fersette,
wie ien foar harren nij.
* Roelant Savery (1576-1639)
Skilderij ‘De fabel fan it hart tusken de kij’