juli 18, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fan Kanadees nei ek Sinees,
syn waarme hert wie rom genôch
foar minsken rûnom op ’e wrâld,
fan prehistoarje nei syn tiid,
hy wie in warber mins.
Black seach de wrâld net yn swart-wyt,
giel ljochte ek noch foar him op,
Sinezen lieten him net kâld;
fossilen fûn er yn har grûn…
de minske stjert en slyt.
Twa kiezzen kamen foar it ljocht,
foar ’t ûndersyk wie dat genôch
om fêst te stellen: hiel lang lyn
bestie der al in Peking-mins,
dy’t kôge, mar ek tocht.
It hert fan Black waard al te rom
troch ’t dollen yn Sineeske grûn,
advizen sloech er yn de wyn
en doe’t it briek, waard hy stienkâld,
syn eigen tiid wie om.
* Foto ‘Davidson Black’
** Ut ‘Davidson Black papers’
juli 17, 2021
fan ûnbekend*
Wol harkje, folken, nei de fragen
dy’t klinke út ’e himel wei
en op ’e ierde fierder drage:
Wa meat it wetter fan de see ôf,
wa beakene de grinzen fan de himel ôf,
wa meat de boaiem fan de ierde op,
wa woech de bergen en de heuvels ôf?
Fan God klinkt fier de rop.
Wa wiist de Geast fan God de wegen,
wat wize riedsman jout Him gaadlik ûnderwiis
en is der wol ien dy’t Him ynsjoch jout
om rjocht te jaan oan minsken yn it nau?
’t Is God wol tafertroud.
De folken binne as de drippen
dy’t oan in amer hingje, lykas stofkes dy’t
neat weage, ’t lân is ek yn lichte steat,
de lannen oan de seekant falle ôf,
foar God is ’t neat mei neat.
Yllustraasje ‘Skealjes’