Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Primeur

Keunst

fan Joseph Benoît Suvée*

Gjin skaad kin sûnder ljocht,
de sinne deis, de kears by nacht,
it rint mei dier en minske op,
stiet nea deastil, is nea kearsrjocht,
it libben stiet model.

Sy seach har mei it skaad
bewegen, stie op slach doe stil
en kriich ’t idee: ik bin model
om fêst te lizzen mei in maat
mysels… mar stean ik stil?

Har maat hold har stiif fêst,
’t kaam del op langer deastil stean
as mar in tel, dus elke spier
stie spand, sadat gjin streek kaam nêst
it skaad… ’t waard in primeur.

* Joseph Benoît Suvée (1743-1807)
Skilderij ‘De útfining fan de tekenkeunst’


admin

Ljochtbringer

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Wat hat de Heare God te sizzen
oan syn folk, dat Hy de siken joech,
dy’t útteard hat de himel
by de skepping, dellein hiel de wrâld,
hy hat dêroer it foech.

Ik ha dy by de namme roppen
yn myn trou en kriich dy by de hân
om mei dy op te rinnen,
ús ferbûn; wês do foar ’t heidenfolk
in ljocht, dan smeist in bân.

Foar blinen gean de eagen iepen
by dyn ljocht, dat ek troch muorren skynt
foar wa’t yn ’t tsjuster sitte
fan de finzenis, ferlos dat folk,
sjoch hoe’t dyn ljocht ferbynt.

Yllustraasje ‘Ljochtbringer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum