september 10, 2021
fan Michelangelo*
It wiene prysteressen,
troch Apollo yn ekstaze brocht
om de takomst te foarsizzen,
ûnheil lei der yn har lessen.
Apollo waard fereale,
ien Sibylle hied er op it each,
dy’t him frege lang te libjen,
’t waarden tûzen jier, wol deale…
… sy woe har dochs net bine
oan Apollo, dat sy bleau net jong,
waard noch lytser as in yntsje**,
krige mei de jierren pine.
It wiene prysteressen,
tolve sa’t it leauwe letter brocht,
ien fan har wie Noächs dochter,
’t wiene net te leauwen lessen.
* Michelangelo (1475-1564)
Skildering ‘Sibylle fan Cumae’
** krekel
september 9, 2021
fan Marc Chagall*
Der bart fan alles yn ’t bestean:
de hin leit moarns in aai,
de hoanne kraait fiktoarje,
de geit springt op ’e kiste,
de ko jout molke oan de boer,
it folk wol op it ljocht ta gean.
De muzikanten spylje lûd
lju út it tsjuster wei,
want alles sil feroarje
mei ’t opgean fan it breidspear,
it famke jout de blommen oer,
read is de kleur fan ’t bertebloed.
Nij libben út skurte wei
giet op yn ’t memmehert,
it iene yn it oare:
’t bestean as nije ienheid,
gjin bertebloed, mar leafdesfjoer,
de rûne foarmen gloeie mei.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘It barren’
Brûnzen byld ‘Mem en bern’