september 12, 2021
fan ûnbekend*
Hjir stean wy, beukers fan heit Stalin,
want ús memmen wurkje op it lân,
dêr’t heit foargoed de baas oer is,
syn wurd stiet boppe alle hollen,
mei ús takomst is neat mis.
Wy geane mei ús juf nei skoalle,
dy’t ús sjonge lit by de trompet
in ferske op ús leave heit,
tink net dat wy net leare wolle,
dogge alles wat heit seit.
Wy ha gjin oare as heit Stalin,
mem seit dat dy oare wie koelak
en dat dy neat te sizzen hie,
hy wie op ’t eigen lân tefolle,
dus mei him wist heit wol rie.
No rinne wy as bern fan heity
Stalin mei syn wurden troch it lân
oer oare heiten hinne nei
ús boarterstún om op te dollen…
nee, neat út ’e skiednis wei.
Foto ‘Russyske beukers’
september 11, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Tink hjiroan, Israel en Jakob,
fan de memmeskurte ôf
ha Ik as Skepper jimme foarme,
as in wolk fei Ik de sûnden wei,
as jim My tsjinje, bliuw Ik trou.
De hege himel, ierdske djipten
jubelje de freugde út,
dat berch en bosk mei jim ynstimme,
Ik ha alles dien, de himel spand,
de ierde lein fan noard nei súd.
Falsk binne tekens fan profeten,
sizzers jouwe neat foar wier
en wize mannen sprekke dwaasheid,
dus komt elk by My foar spot te stean,
mar net myn feint, syn wurd is wier.
Jeruzalem wurdt wer bewenne,
pún dat foel, komt wer oerein,
it djippe wetter sil opdrûgje,
dat myn folk kin feilich fierder gean,
it timpelfûnemint wurdt lein.
Yllustraasje ‘De timpel fan Jeruzalem’