augustus 30, 2021
Miskien hat hy it noch besocht,
fertrouwend op syn skerpe neilen,
dêr’t er rap mei troch de modder groef,
mar ’t asfalt fan de Grienedyk
hat foar de mol gjin útkomst brocht.
De namme fan de dyk klonk grien,
wat brocht him sa heech yn betizing
dat er blynwei oer it asfalt stiek
mei as gefolch de klap ta lyk…
wat hat er dêrfoar noch ferstien?
Gjin stappen út ’e fierte wei,
want dêrfoar hie de klap al klonken;
swijend stie ik by syn libben stil,
oan ’t ‘in memoriam’ gelyk,
ik wynde my dêr net foarwei.
Him lizze litte koe ik net;
hoewol’t de Grienedyk klonk griener
as it swarte asfalt hawwe woe,
lei ik de mol yn ’t gers, myn blyk
fan piëteit wie net te let.
augustus 29, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Te earm om heech te fleanen
mei in stúdzje foar in graad
kaam hy úteinlik op ’e preekstoel,
dêrwei waard it wurd ta die:
hy wiisde troch de loft it paad.
Australië hie fiere
oarden sûnder wisse wei
dêrhinne foar in ambulânse,
dat John Flynn kaam mei de rie
fan troch de loft, de dokter mei.
Sa kaam it ta ‘The Flying
Doctors’, streekrjocht nei it oard
dêr’t sy de siken helpe koene;
wat John Flynn foar eagen stie,
kaam út: in flugge doktersfloat.
* Portret ‘John Flynn’
** Yllustraasje ‘The Flying Doctors’