september 25, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Sjoch hoe’t de goaden makke binne:
út ’e ponge kaam it goud,
op skealjes waard it sulver woegen,
dêrút skoep de goudsmid jimme god,
him ha jim as in lêstdier droegen.
Mar sjoch hoe’t sy derhinne siigden,
Bel en Nebo wiene neat
oars as twa bylden dy’t swier woegen,
dy’t jim droegen op ’e sloppe rêch
en sa noch altyd foar har bûgden.
Wol nei My harkje, folk fan Jakob,
ek de rest fan Israel,
al foar de berte ha ’k jim droegen,
op jim âlde dei doch Ik dat noch,
jim waarden troch myn rêch útnûge.
Wat Ik besletten ha, wurdt útfierd,
myn begjin sprekt fan de ein,
jim kinne ’t sjen út it ferline
wei, sa rint it nei de takomst troch,
de gloarje lit Ik foar jim skine.
* Yllustraasje ‘God Mardoek (Bel)’
september 24, 2021
fan Eric Moorman en Wilfried Uittterhoeve
As ien mist yn de rige,
kinne njoggen it wol dwaan,
sa lit de holle witte,
mar it lichem sprekt fan ligen:
ienheid sil de macht ferslaan.
Skylourus wie tefreden
nei’t er lang regearre hie,
syn withoefolle soannen
soargen net folslein foar frede,
op syn stjerbêd joech er rie.
De jongste soan moast brekke
mar ien pylk, wat hy ek die;
in bondel pylken moasten
withoefolle broers doe brekke,
wat foar har te machtich wie.
Skylourus liet doe witte
dat de iene wichtich wie
foar ienheid yn de rige
om har mei de macht te mjitten,
’t waard syn ein nei dit berie.