Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sâltmars

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

In heale iuw wie ’t bitend sâlt
yn Yndysk iepen wûne:
de sâltwet fan it Britske ryk,
it folk mocht sels it sâlt net winne,
dat ûnrjocht doarme oer de wrâld…

… troch Gandhi, dy’t in oprop die
oan ’t folk mei iepen wûnen:
in sâltmars as protest allyk
nei see om dêr it sâlt te winnen,
it rjocht soe komme nei dy die.

It sâlte swit rûn oer de hûd,
dêr koe it folk mei winne
de sympaty fan hiel de wrâld,
it dripte yn de Britske wûne
en kaam sa yn it blauwe bloed.

Nei santjin jier wie ’t eigen sâlt
yn Yndia te priuwen…
de mars nei frijheid joech de moed.

* Foto ‘Sâltmars’


admin

Oerfloedich jitte

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja


Myn tsjinstfeint Jakob, moatst goed hearre,
Israel, do ek, want keazen bist
troch My, dus harkje nei myn sizzen:
‘Ha gjin noed, datst dit goed witst.’

Ik jou de grûn dy’t toarst hat, wetter,
spiele lit Ik it oer ’t drûge lân,
myn Geast sil Ik oerfloedich jitte
oer dyn bern, wat skept in bân.

Sy sjitte op as tamarisken,
lykas popelieren by it wiet,
de iene seit: ‘Man fan de Heare
wol ik wêze mei de died.’

De oare sil him Jakob neame
nei de tsjinstfeint fan de Heare God,
de tredde skriuwt: de Heare sines,
sa komt elk by My oan bod.

* Foto ‘Stjalprein’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum