september 13, 2021
It wie in stipke op ’e kym,
dat loek de eagen samar oan
of kaam it troch de dei fan juster?
Noch skrynt foar mannichien dy strym.
De earen heinden ’t motorlûd,
fan boppen dreunde ’t samar oan
of kaam it troch it byld fan juster?
Noch taast dat barren yn it moed.
It stipke op ’e kym fertelt
wat dûbel barde op dy dei
as wie it noch de dei fan juster,
de eagen stiene lang fersteld.
De tuorren steane noch oerein,
dêrboppe riist in wite wolk,
dy’t fol is mei de rook fan kofje,
it byld feroaret troch it brein.
september 12, 2021
fan ûnbekend*
Hjir stean wy, beukers fan heit Stalin,
want ús memmen wurkje op it lân,
dêr’t heit foargoed de baas oer is,
syn wurd stiet boppe alle hollen,
mei ús takomst is neat mis.
Wy geane mei ús juf nei skoalle,
dy’t ús sjonge lit by de trompet
in ferske op ús leave heit,
tink net dat wy net leare wolle,
dogge alles wat heit seit.
Wy ha gjin oare as heit Stalin,
mem seit dat dy oare wie koelak
en dat dy neat te sizzen hie,
hy wie op ’t eigen lân tefolle,
dus mei him wist heit wol rie.
No rinne wy as bern fan heity
Stalin mei syn wurden troch it lân
oer oare heiten hinne nei
ús boarterstún om op te dollen…
nee, neat út ’e skiednis wei.
Foto ‘Russyske beukers’