september 18, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Egyptners, Etiopiërs, Sabeeërs,
makkers fan in ôfgodsbyld,
sy sizze: ‘Jimme God hâldt Him ferburgen,
wat net wurket, inkeld mar ferdielt.’
Mar, Ik de Heare, sis oan alle folken:
‘Sjoch, Ik meitsje iepenbier
dat Ik de ierde makke ha, de minsken
skepen, dat myn sizzenskip rikt fier.’
Ik bin it dy’t foarst Koares komme litten
ha en sljochte ek syn paad;
út ballingskip sil hy myn folk befrije,
streekrjocht wurdt it nei myn stêd ta laat.
As liem wie earst de minske, dy’t net freget
oan de pottebakker: ‘Wa
is ’t dy’t my foarme hat?’ Hy is tefreden,
wol op ierde wol in plakje ha.
Ik ha My net ferskûle achter wurden
dy’t te tsjuster binne om
te leauwen, dat geheimtaal ha ’k net sprutsen,
wurd en died, Ik hâld My dus net stom.
Der is gjin oare God as Ik allinne,
dy’t rjocht docht en rêding bringt,
kear jimme nei My ta en bliuw behâlden,
dat de wierheid yn jim libben kringt.
Foto ‘Pottebakker oan it wurk’
september 16, 2021
fan Teun Hocks*
Dêr stean ik dan, as yn in dream,
ferbylde ’ k my as Crusoë
oan te spielen op in eilân
dat net bewenne wie oant ik
my rêstich deljaan sil,
net bang mear foar de fijân,
’t is net oars as stjerrend wier:
ik bin in bangerik,
benaud foar folk, net foar de see,
rûnom myn frisse freon
dy’t deis it swit ôfspielt
en jûns in sliepliet sjongt.
Sjoch, dêr stiet myn maat, de beam,
mei wa’t ik rap de matte span
om te hingjen yn de sinne,
mar sjoch no ek nei my, hoe’t ik
mysels ynspan om stil
te stean… hoe kin ik tille
tagelyk, fan neil oant hier,
mysels… ’k ha gjin berik
oer see mei Jan en alleman.
* Teun Hocks (1947)
Beskildere foto ‘Eldorado’