september 20, 2021
Se binne jong en wolle wat,
earst rinne oer it skulpepaad,
dêrnei de rjochterwjuk útslaan,
rap folge troch de linker,
’t is mei skreauwen net te dwaan.
Dochs falt it fleanen noch net ta
mei rjochts of links, it leit yn ’t aard
de eigen slach it rjocht te jaan
de hichte yn te wjukjen,
’t is mei skreauwen net te dwaan.
Mar komme sy op ’t paad wer del,
dan slacht de wurgens samar ta
en sil de foks syn slaggen slaan:
by trije jongen byt er
ta, ’t bart sûnder lûd te jaan.
september 19, 2021
fan ûnbekend*
Yn Etiopië wie wat te fieren,
want Ras Tafari kriich de macht
as keizer, joech himsels de namme
Halie Selassie,
foar Rastafari’s wie ’t de wiere.
De Rastafari’s, wenjend op Jamaica,
ferearen Haile as in god,
dy’t swarten joech in eigen namme:
Hillige Naasje,
yn keizers hannen wie har lot.
De swarte Marcus Garvey profetearre
dat Ras Tafari kriich de macht
as keizer mei de eare-namme
Haile Selassie,
hy hat dy titel net beskamme.
* Foto ‘Haile Selassie’