oktober 14, 2021
fan Albert Neuhuys
It waard in twongen houlik:
fisker wurde gie fan heit op soan,
dus wie er mei de see fertroud
en yn it tiidsferrin ek troud,
mar wie de see wol froulik?
Sa dreauwen him de weagen
fan syn langstme nei de fêstewâl,
dêr’t hy wis wie fan ’t iepen rút,
mar fierder net… de earste tút
hie hy noch net foar eagen.
Sy hie har eagen rjochte
op it hânwurk, tichter as in net,
dêr’t sy gjin fisk mei fange koe,
it wie de fraach oft sy dat woe…
sy wist wat fiskers sochten.
* Albert Neuhuys (1844-1914)
Skilderij ‘Fiskersfrijerij’
oktober 13, 2021
It wie fierhinne yn it jier,
dat tsjutten waard as liddich
troch de goarre fan korona,
ek troch alle wiken rein,
sadat it folk de strjitte mijde…
dat de hjerst brocht samar sier.
Seis kleuren oer it gea,
omdat de sinnestrielen
brieken troch miljoenen drippen,
dy’t foarseine daliks rein;
it like as de himel wijde
’t ierdske libben nei de dea.
De hichte fan de firusfloed
wie nei sa’n kearpunt sakke
dat de strjitten foller rekken
as foarhinne yn de rein…
sjoch hoe’t de kleurepracht fernijde
dat it kaam úteinlik goed.