Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Beneamd as tsjinstfeint

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

De Heare hat syn tsjinstfeint roppen
fan de memmeskurte ôf,
noch foar’t mem my te wrâld brocht,
hat Hy myn namme neamd.

De Heare hold my earst ferburgen
yn syn hân, ik siet yn ’t skaad
foardat Hy my yn ’t ljocht brocht,
’k waard as syn feint beneamd.

Hy hat myn tonge flymskerp makke
as in swurd dat dûbel snijt,
ik waard in pylk dy’t stekke
koe djipper noch as ’t swurd.

It like om ’e nocht, myn skreppen,
mar de Hear stie foar myn rjocht,
’t soe my oan neat ûntbrekke,
God hold Him oan syn wurd.

De Hear liet My doe ek noch witte
dat net inkeld ’t eigen folk
it heil sjen sil, it ljocht giet
op foar de hiele wrâld.

* Yllustraasje ‘Fan de memmeskurte ôf’
 

admin

Sophoniba ean Masinissa

Mytebylden

fan Giambattista Pittoni*

Kin Polityk mei Leafde trouwe?
Leafde jout folslein har oer,
wylst Polityk syn slach slaan wol,
it is in kwestje fan fertrouwen.

Sophoniba hie gjin fertrouwen
yn foarst Syphax, mei wa’t sy
it libben diele moast, mar wol
yn Masinissa, mar fan trouwe…

… mei Leafde kaam it net… Romeinen
holden ’t tsjin, want Polityk
hie ’t foar it sizzen yn de rol
fan Masjinaasje, dus gjin seine…

… foar Leafde, dy’t úteinlik drinke
moast in folle beker gif,
foar Sophoniba in twongen rol,
wylst Polityk hie mar te winken.

* Giambattista Pittoni (1687-1767)
Skilderij ‘Dea fan Sophoniba’
 



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum