Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spartakus

Mytebylden

fan Hermann Vogel*

De ieren fol mei ’t keninklike bloed,
keas Spartakus foar ’t wrakseljen,
sadat er gladiator waard,
mei wa’t net foel te spotten,
slaven hiene by syn leger baat.

Mei ’t slaveleger teach er troch it lân,
hie each foar elke sterke slaaf
dy’t gladiator wurde koe
om frij by him te wêzen,
wat ta ear en rykdom liede soe.

It slaveleger wûn de earste slach,
wat brocht op gong de jacht op bút,
mar inkeld rykdom as it doel
fersloech de dissipline,
’t ideaal fan gladiator foel.

Sa waarden frijen slaven fan de bút
en gie de lêste slach ferlern;
held Spartakus kaam net mear thús,
de dea fersloech de pine…
wa’t earst frij wie, stoar as slaaf oan ’t krús.

* Hermann Vogel (1854-1921)
Yllustraasje ‘De dea fan Spartakus’

admin

Sânfâldige suster

Keunst

fan Fernand Khnopff*

Sjedêr, myn alderleafste suster,
sân kear yn it griene gea,
ûneinich yn werhelling,
net allinnich mar fan juster,
dochs ek hjoed en moarn en ea.

Sy libbet fan de brulloft nei de
rou, want elkenien giet dea,
ûneinich yn werhelling,
grien fan de hope is de greide,
mar folmakke wurdt it nea.

Lit harren dan mar mei de racket
slaan, it spul fan hinne wer,
ûneinich yn werhelling,
sûnder dat it tempo heakket,
want foar my is sy in stjer.

Oan har ha ik wol sân memoarjes,
dy’t ferskine hjir en dêr,
mar hjir it each bekoarje.

* Fernand Khnopff (1858-1921)
Pasteltekening ‘Memoarjes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum