december 4, 2021

fan ûnbekend*
Harkje skerp en kom by My
om wetter, want wa’t toarst hat, telt foar twa,
kom sûnder jild, jim krije nôt
fergees en wyn en molke derop ta.
Jou jim jild net út foar wat
gjin brea is, ’t lean net foar sabeare sied,
myn miel foar jim is goed genôch,
it ierdske heil dat Ik myn gasten bied.
Altyd troch giet myn ferbûn
mei jim, lykas Ik David trou tasei
en oer de folken stelde, sa
kom Ik foar jim ek myn belofte nei.
Foto ‘Miel’
december 3, 2021

fan ûnbekend*
Vespasianus wie de heit,
dy’t keizer waard yn Rome,
wylst hysels de striid oangie
mei Joaden dy’t yn opstân kamen,
striid dy’t goed foar syn imago wie.
Jeruzalem naam Titus yn,
de haadstêd mei de timpel,
dy’t syn leger plondere
en gau dêrnei yn fjoer en flam stie,
de timpel troch de Joad bewûndere.
It wie de fraach wa’t keizer waard,
want dûbel wie ’t imago
fan de soan, dy’t wûn de striid,
ferlear mei orgyen syn oansjen…
dochs joech Titus ’t lân in rike tiid.
Byld ‘Keizer Titus’