oktober 24, 2021
fan ûnbekend*
It barde yn de jierren tritich
dat de heechmoed riisde nei de top,
hoewol’t de finansjele delgong
djip bûge liet de earme kop.
‘Lit ús de wolken hjoed beklauwe,
want de wolkeklauwer hat berikt
de top fan ús fertsjinne opgong,
wa’t yn de djipte bliuwt, dy stikt.’
Se sûzen mei de lift nei boppen,
klimme siet net yn har keale aard,
matearje hie net folle djipgong,
oerflakkich libje joech ek baat.
De hichte joech in wrâldwiid útsicht
oer it wrâldryk dat gjin grinzen koe;
de fraach bleau oer: wêr wie de yngong
foar ’t folk dat foar har wurkje soe?
Se koene ’t langer net beklauwe,
dat de wolkeklauwer bleau heal leech;
mei bûgde holle nei de útgong
wie foar de wolkeskrabbers dreech.
* Foto ‘Empire State Building’
oktober 23, 2021
fan ûnbekend*
As Sion klaget oer myn dwaan
en litten, al soe Ik myn folk
ferlitten ha, it neat mear jaan;
as soe in mem har bern ferjitte,
gjin begrutsjen ha mei him,
Ik sil Sion nea ferjitte.
In púnfal is de stêd, it gea
ferlitten, mar sjedêr de bou
en yn it lege gea komt ea
wer folk, tefolle om te sitten
by elkoar, safolle bern
dat wêr moat men harren litte?
Ofnommen wiene dy de bern,
mar soannen bringe har werom
en dochters litte har dy sjen,
gjin kening sil de bern ferstjitte,
as in pleechheit stiet hy nêst
dy, hy wol syn soarch sjen litte.
Foarstinnen sille ’t boarst har jaan
en bûge foar dy oant de grûn,
it is mei sizzen net te dwaan,
do silst troch dieden altyd witte
dat Ik bin foargoed de Hear…
hoe soe Ik myn folk ferlitte?
* Foto ‘Bern’