december 10, 2021
fan Peter Paul Rubens*
Tomyris, keninginne
fan de Massageten,
kriichsfolk dat der wêze mocht,
wie like moedich as har leger,
fan foarst Kyros soe sy ’t winne.
Mar Kyros wûn de earste
slach, de Massageten
waarden dronken troch in list
en koene maklik deade wurde,
’t spiet Tomyris ’t aldermeaste…
… om Spargapises, finzen
nommen troch it leger
fan de fijân, dy’t himsels
tekoart die, troch har deade soan gie
mem Tomyris oer de grinzen…
… om har mei bloed te wreken,
neat wie har tefolle,
want de holle fan de foarst
kaam yn in skaal mei bloed telâne,
foar de fijân in faai teken.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De holle fan Kyros
yn in skaal mei bloed’

december 9, 2021

fan Rembrandt*
Hy hat syn hier lang groeie litten,
snor en lokken wapperje deroer,
sa komt syn wichtigens goed út;
de wyn dy’t yn syn swipe sit,
lit er oeral hinne sjitte.
As tredde yn de lange rige,
nei de kapitein en luitenant,
lit hy him as de heechste sjen;
mei ’t findel boppe snor en lok
kin er nei de fijân drige.
Syn hân leit proastich yn de side,
rekket mei ien finger oan it swurd,
lit sa de fijân striidlust sjen,
wat sprekt ek út ’e linkerfûst,
’t findel sil foar ’t leger stride.
Ha beide nei de striid marsjearre,
hy en ’t findel flink de put derút,
dan giet it streekrjocht nei de kroech,
dêr’t snor en lokken snuve bier,
’t hat oan lusten net mankearre.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De findeldrager’