Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Krisis jierren tritich

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Wat jout mear wissichheid as goud,
dat blinkt de lju ljocht yn de mjitte
dy’t geane foar it kapitaal,
mar komt de krisis swart yn byld,
dan moatte sy ’t ek lizze litte.

Bank Credit Anstalt** koe net mear
kredyt jaan en doe ek net krije,
it waard de ein fan it ferhaal
fan jild dat oer de ierde spielt…
de earmen moasten ’t earst belije.

De krisis krong nei Ingelân,
net langer waard it pûn wurdearre,
it goud blonk mear as ’t kapitaal,
dus kaam dat foar ’t regear yn byld,
de munt waard sterk devaluearre.

De krisis rûn doe út ’e hân,
sloech ta fan Iislân oant Itaalje,
wurkleazens waard it doemferhaal,
de flok fan hoe’t it is ferdield…
de earmen krigen op ’e faalje.

* Yllustraasje ‘goud’

** Bank yn Eastenryk



admin

Moed foar de tsjinstfeint

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

De Heare hat my harkjen leard
om syn wurden oan te hearren,
de Heare hat my sprekken leard
om de wurge krêft te jaan,
dan kin er moedich fierder.

Wa’t sloegen, ha ’k de rêch takeard,
’t wang wa’t my it hier útloeken,
ik seach har rjocht yn it gesicht,
elk kriich kâns foar spot en spui,
mar ’k waard net set te skande.

Wa’t tsjin myn dwaan en litten beart,
’k lit syn grime rêstich komme,
dan mar tegearre foar it rjocht;
God, myn Hear, komt my te help,
dan kin ik moedich fierder.

* Foto ‘Underweis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum