november 6, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Mei ik de Heare freegje
om sjen te litten dat syn krêft
weromkomt by syn folk
om dat dan te ferheegjen?
Oerein komt dan de Heare
as yn de dagen fan alear,
syn earm lit sjen de krêft
om meunsters macht te kearen.
Jo koene stikken houwe
de meunsters fan de wylde see
en stieken dea de draak
dy’t drige mei syn klauwen.
Hoe’t Jo de see drûch leine,
dat wie in teken fan jo macht
en likegoed de wei
dêrtroch, foar’t folk in seine.
Der komt in ein oan ’t lijen,
wa’t frijkocht wurdt, kin dan werom,
it folk beklimt de Sion
fol freugde nei lang swijen.
Yllustraasje ‘Seemeunster’
november 5, 2021
fan ûnbekend*
Tarquinius as ymmigrant
hie grutte aspiraasjes,
dêryn waard er stipe troch syn frou:
‘Do wurdst fan frjemdling Romes foarst,
de tekens binne navenant.’
Tegearre gie ’t op Rome ta,
doe’t ûnderweis in earn syn
hoed meinaam en him dy ek wer brocht,
in teken dat er kening waard,
dy fûgel woe it sa ek ha.
Der woene mear graach op ’e troan,
de ymmigrant waard lykwols
kening, dy’t it folk brocht wat it woe:
in goede rie, dêrby de die,
dy beide spriek de minsken oan.
By ’t keningspear kaam ek in bern,
in slavesoan, sa waard der
sein, de styfheit woe him op ’e troan;
wa’t earder woene, spilen op,
dat spul waard troch de foarst ferlern.
Tarquinius as ymmigrant,
dy frjemdling rekke raar fan kant.
* Yllustraasje ‘Tarquinius en de earn’